Drachtster Boys wint fan VVOG

Drachtster Boys hat sneon trije punten pakt troch mei 1-0 te winnen fan VVOG. Op eigen fjild sette Regilio Holder de Drachtsters nei krapoan 10 minuten op foarsprong. De ploech fan trainer Fred de Boer krige yn de earste helte fierwei de bêste kânsen, mar fergeat de marzje fierder út te wreidzjen.
Nei rêst wisten de Drachtsters de lytse foarsprong mei hurd wurkjen oer de einstreek te lûken. Troch de winst komt Drachtster Boys op 20 punten út 16 wedstriden.