Wolfslag 5e by European Open

01 feb 2014 - 15:46

Judoka Miranda Wolfslag fan Ljouwert is der sneon net yn slagge in medalje te pakken by de European Open yn it Bulgaarske Sofia. Wolfslag ferlear yn de kwartfinale yn de klasse oant 52 kilogram har partij tsjin Mariia Buiok út de Oekraïne. Dêrtroch einige de judoka út Ljouwert úteinlik as fyfde.

'Nog ff balen, morgen knop om en focus op Parijs', twittere Wolfslag nei ôfrin fan de wedstriid. Sneon 8 en snein 9 febrewaris binne dêr de ynternasjonale Grand Slam-wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)