Rintje-iisbaan yn Amsterdam

Yn Amsterdam is freedtejûn de tydlike keunstiisbaan fan Rintje Ritsma offisjeel iepene. De iisbaan yn it Olympysk Stadion wie in dream fan âld-topreedrider Ritsma. Freed oerdeis koene sawat trijetûzen skoalbern de baan alfêst teste en de offisjele iepening wie freedtejûn.
De tydlike iisbaan is de kommende wiken iepen foar it publyk. Fan 28 febrewaris oant en mei 2 maart sille it NK sprint en it NK Allround ek ferriden wurde yn it Olympysk Stadion.