Ferkearshinder fuotbalmatch

01 feb 2014 - 15:09

Sportclub Hearrenfean warskôget besikers fan de wedstiid fan sneontejûn foar ferkearshinder op yndustryterrein IBF op It Hearrenfean. Fanwege wurk oan it rioel kin net op alle wenstige plakken parkeard wurde. Minsken dy't fia ôfslach 26a nei it stadion ride, wurdt oanret nei parkearplak P8 te riden. Dêr kin fergees en sûnder parkearkaart parkeard wurde.

Hearrenfean spilet sneontejûn tsjin ADO Den Haag.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)