Nije foarljochtingstruck

De sjauffeursferiening Fryslân hat in nije truck dy't mei in oplizzer mei ynformaasje by alle skoallen fan Nederlân del kin. De miljeu-easken binne benammen yn binnenstêden stranger wurden. Alde frachtauto's meie der net mear komme en dêrom moast der in nijenien komme.
Der is grut ferlet fan de foarljochting fan de sjauffeurs. De ôfrûne trije jier hawwe 120-tûzen bern les hân yn ûnder oare de gefaren fan de deade hoeke. Hieltyd mear gemeenten dogge in berop op de frijwilligers fan de sjauffeursferiening.