Syktocht nei auto yn Iselmar

01 feb 2014 - 12:24

De brânwacht fan Makkum hat sneontemoarn om 'e nocht by Piaam socht nei in auto yn de Iselmar. In foarbygonger seach autospoaren it wetter yngean en warskôge de helptsjinsten. Dy fûn út dat it om âlde spoaren gie fan ûngelok fan in pear wike ferlyn. De brânwacht is dêrom weromgien nei de kazerne.

Trefwurden: 
plysje Iselmar Makkum
(advertinsje)
(advertinsje)