Man smyt dakpannen fan dak

01 feb 2014 - 11:16

Pysje en brânwacht hawwe sneontemoarn betiid yn Ljouwert in man fan in dak helle yn de Jan van Scorelstrjitte. De man smiet mei dakpannen. Hy wie yn de war. Neffens eigen sizzen hie er tefolle dronken en drugs hân.

Mei in heechwurker is de daksmiter fan it dak ôfhelle. Hy is dêrnei oerbrocht nei it plysjeburo. De man wurdt fertocht fan fernieling.

Trefwurden: 
Ljouwert dak
(advertinsje)
(advertinsje)