Sotsji: Marrit Leenstra

01 feb 2014 - 10:46

It is noch seis dagen foardat de Olympyske Spelen yn Sotsji begjinne. Mear as tsien Fryske sporters komme yn aksje by it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. Alle dagen op www.omropfryslan.nl in profyl fan ien fan de dielnimmers út Fryslân. Hjoed is dat: Marrit Leenstra (24 jier, Wikel, reedride).

Marrit Leenstra is debutant op de Olympyske Spelen. De twafâldich Nederlânsk kampioene allround (2011 en 2012), waard yn 2013 sprintkampioene fan Nederlân. Yn 2008 waard Marrit yn Changchun (Sina) wrâldkampioene by de junioaren. As senior einige se yn 2011 as tredde by it Europeesk kampioenskip yn Collalbo en as fjirde by it WK allround yn Calgary. Marrit is ek twafâldich Nederlânsk kampioene op de 1000 meter. De kâns is grut dat se yn Sotsji útkomt op de ploege-efterfolging.

Marrit Leenstra rydt yn Sotsji de 500 meter, de 1000 meter, de 1500 meter en nei alle gedachten de ploege-efterfolging.

Sjoch hjir nei it profyl fan Sybren Jansma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)