Waanders iepenet Sionsberg

01 feb 2014 - 09:36

Yn Dokkum wurdt sneontemiddei it fernijde sikehûs de Sionsberg iepene. Dat wurdt dien troch boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel. By de iepening biedt de aksjegroep Red de Sionsberg it sikehûs in fotoboek oan. Dêryn wurdt in byld jûn fan de striid dy't de ôfrûne twa jier fierd is om it sikehûs iepen te hâlden.

Alhoewol't net alle ôfdielings iepenbleaun binne en personiel dien krigen hat, is foarsitter Taeke Visser fan de aksjegroep in tefreden man. Neffens him hat Red de Sionsberg alles berikt wat te berikken wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)