Bouwmeester klimt nei 2e plak
Laser radial sylster Marit Bouwmeester fan Warten is by de wrâldbekerwedstriden yn Miami nei it twadde plak yn it klassemint klom. Bouwmeester wûn op dei fjouwer twa races en waard ien kear sechsde.
De earste fjouwer dagen sitte der op foar Bouwmeester, dy't optimaal profitearret fan it waar. Der stiet net folle wyn, mar just dêr wit de Wartenster goed mei om te gean. Paige Railey út Amearika giet oan de lieding.