Friezen nei Beatrixfeest

31 jan 2014 - 21:35

Hûndert Friezen sille sneon nei Ahoy yn Rotterdam foar it tankfeest foar prinsesse Beatrix. Ut alle provinsjes wei meie der ynwenners hinne. De groep fan hûndert Friezen is troch kommissaris fan 'e Kening John Jorritsma foardroegen.

Ien fan de Friezen dy't meigiet is de 86-jierrige Hendrik Hoekstra út Marrum. Hy hat sels al ferskate kearen in moeting hân mei prins Bernhard, omdat er eartiids yn Nederlânsk Ynje sitten hat. It is no foar it earst dat er prinsesse Beatrix moetsje sil.

Fanút It Hearrenfean sil Hoekstra mei tsientallen oare gelokkige Friezen nei Rotterdam taride.

Trefwurden: 
Marrum prinsesse Beatrix Ahoy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)