Bergsma no ek Keninklik

31 jan 2014 - 20:47

Hoarekagruthannel Bergsma út Frjentsjer hat freed it predikaat Keninklik krigen. It bedriuw krige it predikaat út hannen fan kommissaris fan 'e Kening John Jorritsma. Gruthannel Bergsma is it 28e bedriuw yn ús provinsje dy't de titel 'Keninklik' brûke mei.

Om dizze titel te krijen moatte bedriuwen oan strange easken foldwaan. Sa moatte se langer as 100 jier bestean en moatte der mear as 100 minsken yn tsjinst wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)