Wâldwei wer iepen foar ferkear

31 jan 2014 - 20:41

De Wâldwei tusken Ljouwert en Drachten is wer iepen. Om healwei njoggenen joech Rykswettersteat de dyk wer frij. In kantele frachtwein mei feefoer soarge oan it begjin fan 'e jûn foar in grutte ferkearsgaos. De frachtwein moast fuorttakele wurde, wêrnei't Rykswettersteat it asfalt herstelle koe. Ek de middenbermbefeiliging rûn troch it ûngelok swiere skea op en moast ferfongen wurde.

Ferkear fan Ljouwert nei Drachten waard tydlik omlaat oer It Hearrenfean. Neffens Rykswettersteat ha der gjin lange files west as gefolch fan it ûngelok.

Wol soarge de ôfsluting foar drokte op omlizzende diken, lykas op de Grinzerstrjitwei fan Ljouwert nei Hurdegaryp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)