'Provinsje moat Boerum stypje'

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De FNP fraksje yn de Steaten wol dat gemeente Kollumerlân stipe kriget fan de provinsje om foar te kommen dat de ôfbaarnde mûne Windlust yn Boerum syn monumintestatus ferliest. Neffens de FNP soe it skrassen fan de mûne as ryksmonumint in klap yn it gesicht fan de Boerumers wêze.
De Rykststjinst foar kultureel erfguod wol de mûne fan de list mei ryksmonuminten ôfhelje, om't der te min orizjinele boumaterialen yn de nijbou ferwurke binne. Dat bestjut dat der gjin rykssubsydzje mear komt. Yn dat gefal moat de provinsje byspringe, fynt de FNP.