Fryske taal op Taalportaal

31 jan 2014 - 20:24

Alle kennis oer de Fryske grammatika is fan sneon ôf beskikber foar in ynternasjonaal publyk. Op de webide Taalportaal.org wurdt útlis jûn oer de wurdstruktuer, de klank en de sinsbou fan sawol it Frysk as it Nederlânsk.

De ôfrûne trije jier hawwe ûndersikers fan de Fryske Akademy, it Meertens Ynstitút, it ynstitút foar Nederlânske leksikology en de universiteiten fan Leiden en Utrecht wurke oan in webside dêr't alle ynformaasje oer de taal beskiber is. De side is bedoeld foar ûndersikers, mar kin troch bygelyks dosinten ek brûkt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)