Beyers Naudé Olympiadeskoalle

31 jan 2014 - 20:18

It Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert krijt woansdei it karmerk Olympiadeskoalle. Learlingen fan it gymnasium dogge al jierren mei oan ferskate olympiades op nasjonaal en ynternasjonaal nivo. Sa wurdt der dielnommen oan de olympiades wiskunde, natuerkunde, skiekunde, biology, ierdrykskunde en dit jier foar it earst ek skiednis.

Ferline jier hat de skoalle in oanfraach yntsjinne om Olympiadeskoalle te wurden. Woansdei wurdt de offisjele oarkonde oerhandige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)