CDA wol oeral fluch ynternet

31 jan 2014 - 20:12

CDA-keamerlid Agnes Mulders pleitet by minister Kamp fan Ekonomyske Saken foar rap ynternet oeral yn Nederlân, dus ek yn it bûtengebiet. Nei skatting sitte sa'n 500.000 minsken en goed 60.000 bedriuwen yn 'e bûtengebieten sûnder in goede ynternetferbining.

It CDA wol dat minister Kamp de rezjy nimt om oanbieders fan ynternet oan te spoaren om glêsfezels ek nei it bûtengiebiet troch te lûken. Kamp hat tasein dat er de dekking en knyppunten yn de rin fan dit jier yn kaart bringe sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)