Earste Fryske teatermagazine

31 jan 2014 - 20:09

By goed fjouwertûzen teaterbesikers yn Fryslân falt begjin febrewaris it teatermagazine Scènes Friesland op 'e matte. Skouboarch De Lawei, De Harmonie, Teater Snits, De Koornbeurs en It Posthûs presintearje yn it tiidskrift wat der ynkoarten te sjen is yn de Fryske teaters. Hjirmei wolle se in nije tsjinst oanbiede oan de fêste besikers.

Njonken de foarstellings steane der ek achtergrûnferhalen, reportaazjes en resinsjes yn it blêd. It tiidskrift sil útjûn wurde as regionaal katern fan it lanlike magazine Scènes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)