Muorren fabryk delhelle

31 jan 2014 - 17:02

De muorren fan it deakistefabryk fan Hoogland oan de Elingsloane yn Burgum wurde op dit stuit delhelle. De brânwacht wol sa it lêste fjoer út it gebou helje. Freedtemoarn om healwei njoggenen ûntstie der in grutte, útslaande brân yn it fabryk. In grut tal brânwachtkorpsen waard oproppen om te blussen.

De famylje Hoogland is bot oanslein troch de brân. Lokoboargemaster Fokkema fan Tytsjerksteradiel wie ek ûnder de yndruk. Der soene alwer plannen wêze it om it bedriuw wer op te bouwen, neffens lokoboargemaster Fokkema.

Trefwurden: 
brân Burgum deakistefabryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)