Van Basten jout gjin útlis

Trainer Marco van Basten wol gjin neiere taljochting jaan op syn beslút om nei dit seizoen fuort te gean by Sportklup Hearrenfean. Dat die freedtemiddei bliken by de parsekonferinsje oer de wedstriid Hearrenfean-ADO Den Haach, dy't sneontejûn spile wurdt.
Van Basten bliuwt by de eardere ferklearring dat er gjin goed gefoel hat oer in kontraktferlinging. Wol seit Van Basten dat it in kombinaasje fan faktoaren is wêrom't er fuortgiet. Hokker faktoaren dat binne, seit er net.
Van Basten wol net yngean op de fraach oft syn beslút te krijen hat mei de nije direksje.