Staking by Essentra foarby

31 jan 2014 - 15:49

Nei goed 15 oeren staken is freedtemiddei in akkoart berikt tusken de direksje en de wurknimmers fan keunststofprodusint Essentra Extrusion yn Bûtenpost. In mearderheid fan de lederied stimde yn mei it ûnderhannelingsresultaat foar in nije CAO. Dêr stiet yn in leansferheging fan 3 prosint en bettere arbeidsregelingen foar flekswurkers.

Der is ek in streek set troch it plan fan de direksje om de âldereindagen ôf te skaffen. Boppedat sil de direksje in stúdzje útfiere litte nei duorsume ynsetberens fan de wurknimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)