Cambuur yn deselde opstelling

31 jan 2014 - 13:29

Cambuur begjint snein de útwedstriid tsjin FC Twente yn deselde opstelling as ferline wike. Doe wûnen de Ljouwerters de Fryske derby tsjin de SC Hearrenfean mei 3-1. Dat betsjut dat Ogbeche wer yn de spits begjint en Paco van Moorsel wer in plak krijt op it middenfjild. Spits Michiel Hemmen is op it paad werom nei syn slepende knibbelblessuere. Hemmen hat fan 'e wike twa kear fol meitraind en oant no ta giet it goed. Der wurdt noch besjoen oft hy diel útmakket fan de seleksje foar de wedstriid tsjin FC Twente.

Opstelling Cambuur: Nienhuis, Droste, Van der Laan, Leeuwin, Bijker; Ritzmaier, Van Moorsel, El Makrini; Manu, Ogbeche, Lukoki.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)