83 prosint: Sven wint medalje

Sven Kramer © ANP foto
It grutste part fan de Nederlanners hat der alle betrouwen yn dat reedrider Sven Kramer in medalje wint by de Olympyske Spelen fan takom wike yn Sotsji. Dat docht bliken út ûndersyk fan buro GfK en reklameburo Ster. Achter Kramer (83%), krije Ireen Wüst (67%) en Mark Tuitert (27%) it measte betrouwen.
Oer it algemien tinke minsken dat dizze kear mear medaljes helle wurde as fjouwer jier ferlyn. Reedriden is fierwei de populêrste sport op de Olympiade om nei te sjen, konkludearret GfK.