'Kachel oarsaak brân Burgum'

De grutte brân by it deakistefabryk Hoogland yn Burgum is ûntstien yn in stikkene diselkachel yn de spuiterij. Dat sizze meiwurkers fan it bedriuw. Earst wiene der fonken, mar al gau sloegen de flammen út de skoarstienpiip.
Tongersdei is de kachel nei in steuring neisjoen troch in ûnderhâldsbedriuw en de skoarstien fage troch in erkend skoarstienreager út Twizel. Dat skoarstienreagersbedriuw is fan de Kachelspecialist yn Goutum. De kachelspesjalist hat net it ûnderhâld oan de stikkene kachel dien.
Eigener Nuveld fan De Kachelspecialist seit dat op it stuit dat hy fuortgie, de kachel noch yn ûnderdielen útinoar lei.