Brânstof út auto stellen

jerrycans
In 34-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan tongersdei op freed oanhâlden foar it stellen fan brânstof út in parkearde auto. De man hie op de Grinzerstrjittewei de floeistof oerhevele yn jerrycans.
By in kontrôle op de Gebroeders Wierdastrjitte waard er trappearre. De man hat de stellerij bekend. De plysje tinkt dat de man op noch mear plakken yn Ljouwert taslein hat en docht fierder ûndersyk.