Schepers werom nei Cambuur

Bob Schepers komt werom by Cambuur. De klup út Ljouwert hiert de 21-jierrige fleugeloanfaller foar de rest fan it seizoen fan FC Utrecht. Schepers komt dêrmei werom op it âlde nêst. Yn 2012 waard er ferkocht oan Utrecht. Yn it oardel seizoen dêrnei spile er dêr mar achttjin wedstriden, wêrfan twa as basisspiler.
Schepers is de tredde oanfaller dy't Cambuur dizze transferperioade fêstleit. Earder kamen Bartholomew Ogbeche en Elvis Manu al nei de klup. It kontrakt mei oanfierder Ramon Leeuwin is ferlingd oant de simmer fan 2015.