Aldste boat Fryslân yn Snits

It âldste boatsje fan Fryslân is ynkoarten te sjen yn it Skipfeartmuseum yn Snits. Acht jier lyn waard it skipke út de 12e ieu net fier fan de stêd fûn. De houten boat kaam oan it ljocht by graafwurksumheden by Turns. Mar hoe't it skip der krekt útsjoen hat, is de fraach. Nei safolle tiid ûnder de grûn wie der net mear in soad fan oer. Om derachter te kommen hoe't it skip der útseach, is in meiwurker fan it museum al in pear wike dwaande mei it bouwen fan in sa goed mooglik model fan it skipke.
Dat model moat de besikers helpe om in foarstelling te meitsjen fan hoe't it skip der no útseach. De orizjinele oerbliuwsels fan it boatsje lizze op it stuit by in ûndersyksburo yn Lelystêd. De bedoeling is dat se letter dit jier nei Snits komme.