Waddengoud foar Waddenpost

30 jan 2014 - 20:30

Sjoernaliste Jeanet de Jong fan Persbureau Ameland út Hollum hat tongersdeitemiddei it Waddengoudkarmerk opspjelde krigen foar har nije Waadplatfoarm 'waddenpost.nl'.

De webside foarmet in sintrale nijsfoarsjenning oer it Nederlânske, Dútske en Deenske Waadgebiet yn de foarm fan artikels, blogs, gedichten, foto's en filmkes. Elkenien kin in bydrage leverje. Yn in heal jier tiid binne al sa'n 1300 bydragen pleatst op de webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)