Beslút EVT falt min op Flylân

30 jan 2014 - 17:13

Op Flylân is mei grutte teloarstelling reagearre op it nijs dat de EVT trochfarre mei. Boargemaster Ella Schadd hie de útspraak net ferwachte. Se is benaud dat de berikberens fan it eilân yn gefaar komt. Doeksen hat al earder witte litten te besunigjen op de oertochten nei Flylân as de konkurrinsje fan EVT oanhâldt. Undernimmers op Flylân wurde dêr it slachtoffer fan.

Flylân besjocht wat it noch dwaan kin om de arguminten foar ien rederij nei Skylge en Flylân meitelle te litten. Fierders wolle se mei Doeksen prate oer it tal oertochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)