Mark Rutte posityf oer Fryslân

Minister-presidint Mark Rutte fynt it spitich dat de Alvestêdetocht net trochgiet. As dat wol sa west hie, wie er nei Fryslân gien om de tocht te besjen. Dat sei er freed nei de ministerried. Hy neamde it beslút fan de organisaasje om de tocht ôf te blazen lykwols begryplik.
Neffens him binne de moaie bylden fan wintersk Fryslân de hiele wrâld oergien en dy sketse neffens Rutte de sfear fan in bysûnder lân mei in bysûndere tradysje.
De Alvestêdetocht giet dizze wike de hiele wrâld oer. Yn in hiel soad lannen besteegje de media omtinken oan it wol of net trochgean fan de tocht. Ek yn Oman yn West-Azië wie de Alvestêdetocht nijs dat op de foarside fan de kranten stie. De Washington Post brocht in grut ferhaal en ek de media yn België hiene in soad omtinken foar de Alvestêdekoarts.