Ynbrekker pakt fia DNA-spoar

30 jan 2014 - 15:16
Plysjesel - Foto: ANP XTRA

In 28-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn oanholden op fertinking fan twa wenningynbraken en it besykjen fan in ynbraak yn novimber en desimber ferline jier. De plysje kaam de man op it spoar fia DNA en fingerôfdrukken. Hy sit noch fêst op it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)