Doeksen teloarsteld

30 jan 2014 - 14:54

Direkteur Paul Melles fan rederij Doeksen is teloarsteld yn de útspraak fan it gerjochtshôf yn Den Haachom it farferbod fan konkurrint EVT te ferneatigjen. De rederij sil de útspraak de kommende tiid goed besjen en him beriede op eventuele maatregels. Wat dy binne, is op dit stuit noch net bekend.

Sa gau as dat wol it gefal is, sille dy maatregels bepraat wurde yn in oerlisbyienkomst mei de gemeenten Skylge en Flylân, it ministearje en Rykswettersteat. Melles wol net foarútrinne op de mooglike maatregels dy't Doeksen nimme sil.

Trefwurden: 
Harns Skylge Rederij Doeksen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)