Fiif skiep stellen yn Reahel

30 jan 2014 - 13:34

De aktiviteitebuorkerij yn Reahel mist fiif drachtige skiep. De bisten rûnen mei in groep oaren yn in stik greide, mar wienen dit wykein ynienen fuort. In syktocht yn de omjouwing hat neat opsmiten. Ek opropkes op twitter en facebook hawwe noch neat opsmiten. De eigeners hâlde no rekken mei stellerij. Dêrom dogge se tongersdei oanjefte by de plysje.

Trefwurden: 
stellerij skiep Reahel
(advertinsje)
(advertinsje)