Tastimming foar foksejacht

30 jan 2014 - 12:56

Der mei fan sneon ôf yn Fryslân wer yn de nacht mei ljochtbakken jage wurde op foksen. De provinsje hat dêr tastimming foar jûn, neidat in earder beslút by de rjochter sneuvele nei beswieren fan de De Faunabescherming. Dizze foarm fan jacht soe tsjin de ynternasjonale ôfspraken wêze, mar dêr hat Steatssekretaris Sharon Dijksma koartlyn wat op fûn.

De jacht fynt plak om de greidefûgels te beskermjen. De tastimming jildt foar de perioade fan 1 febrewaris oant 15 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)