Utspraak yn spoedappel EVT

30 jan 2014 - 12:29

De foarsitter fan de mearfâldige keamer fan it gerjochtshôf yn Den Haach docht tongersdeitemiddei om healwei twaen útspraak yn it spoedappel fan de EVT. De rederij frege it spoedappel oan nei't se it koart pleit ferlear tsjin it beslút fan steatssekretaris Wilma Mansveld om fan 1 febrewaris ôf in farferbod op te lizzen oan de EVT.

De mearfâldige keamer komt mei in folslein ûnôfhinklike útspraak. Ek hat de EVT noch in proseduere rinnen yn Brussel, dêr't direkteur Erwin Rob sels tige optimistysk oer is.

Mocht it farferbod fan Mansveld stean bliuwe, dan kin de rederij altyd noch oergean op frachtferfier. Dat mei noch wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)