Fleanoefening boppe Marnewaard

Strielfleanmasine © Omrop Fryslân
Jachtfleantugen meitsje nije wike geregeld flechten boppe de Marnewaard. It giet om in oefening yn it ramt fan in oplieding fan Definsje. Doel is dat piloaten oefenje mei oanwizingen fan militêren op 'e grûn, oer doelen dy't oanfallen wurde moatte.
De oefening begjint nije wike tiisdei en wurdt oerdei hâlden. Boppe de Marnewaard mei dan op 250 meter hichte flein wurde. Boppe it omlizzende gebiet is de tasteane fleanhichte 500 meter.