Wer ferkearsaksje Westeinde

30 jan 2014 - 08:13

Bewenners fan de Ljouwerter wyk Westeinde hawwe tongersdeitemoarn opnij aksje fierd tsjin it slûpferkear yn har buert. Ek fine se dat automobilisten der faak te hurd ride. Neffens de bewenners hat dat de ôfrûne jierren al ta ferskate ûngelokken laat, mei ferwûnen en skea as gefolch. Omdat der yn de wyk in tal skoallen sit, binne der ek in soad bern ûnderweis.

Troch folders út te dielen hoopje de buertbewenners automobilisten te bewegen har rydgedrach oan te passen. Fersiken oan de gemeente om maatregels hawwe noch gjin gehoar fûn.

Trefwurden: 
ferkear aksje Westeinde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)