Bouwmeester sânde yn Miami

Marit Bouwmeester © Thom Touw
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten stiet nei trije races op it sânde plak by de wrâldbekerregatta yn Miami. Har bêste prestaasje yn Florida is oant no ta in fiifde plak. De Amerikaanse Paige Railey stiet op it stuit earste mei trije punten. Bouwmeester hat der 14. Der stiet kwalik wyn yn Florida en dertroch binne in tal races net syld.