Jild foar 'Urgente Noden'

29 jan 2014 - 20:04
Jild

De gemeente Dongeradiel lûkt 3500 euro út foar de Stichting Urgente Noden Friesland. Dizze stichting helpt minsken dy't yn de finansjele swierrichheden sitte.

De subsydzje foar de stichting komt boppe op de 10.000 euro per jier dy't de gemeente jout oan it eigen needfûns, de Stichting Sociaal Noodfonds Dongeradeel. Beide stichtingen binne fan doel om yn de takomst mear gear te wurkjen.

Trefwurden: 
Stichting Urgente Noden
(advertinsje)
(advertinsje)