Sels sizzenskip oer fak Frysk

29 jan 2014 - 17:09

De Twadde Keamer praat tongersdeitemiddei oer it fak Frysk op skoalle. It giet oer it wetsfoarstel dat de provinsje mear sizzenskip jout oer it ûnderwiis yn de Fryske taal. Sa mei de provinsje yn de takomst bepale wat de leardoelen fan it Frysk binne en hokker skoallen eventueel ûntheffing krije.

Ek is de ûnderwiisynspeksje tenei ferplichte om de provinsje te ynformearjen oer de stân fan saken. Neffens deputearre Jannewietske de Vries is it unyk yn Nederlân dat in legere oerheid formeel sizzenskip krijt oer de ynhâld fan it ûnderwiis.

Ferskate partijen yn de Twadde Keamer binne kritysk oer it foarnimmen om in legere oerheid ynfloed te jaan op de ynhâld fan it ûnderwiis. Dit jildt ûnder oare foar de SGP, mar ek foar ChristenUnie, SP en VVD. Sy wolle dat steatssekretaris Sander Dekker taseit dat it by dizze iene útsûndering bliuwt.

Deputearre Jannewietske de Vries giet der fan út dat in mearderheid it wetsfoarstel stypje sil. De Vries wol it foech Frysk yn it foarste plak brûke om derfoar te soargjen dat mear ûnderwizers en dosinten de goeie papieren helje om it fak Frysk te jaan. Op dit stuit wurdt it fak noch te faak jûn troch dosinten sûnder foech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)