Gjin straf foar Finnbogason

29 jan 2014 - 14:37
Alfred Finnbogason yn aksje yn de Fryske twastriid tsjin Cambuur - Foto: awfoto.nl

Oanfaller Alfred Finnbogason fan SC Hearrenfean krijt gjin straf foar de provosjearjende earmbeweging dy't er makke foar it begjin fan de wedstriid tsjin SC Cambuur. Dat liet de fuotbalklup woansdei witte. De oankleier betelle fuotbal hat ûndersyk dien nei it gedrach fan SC Hearrenfean oanfaller en sjocht gjin oanlieding om de topskoarder fan de earedivyzje in straf op te lizzen.

(advertinsje)
(advertinsje)