Van Basten hâldt op by H'fean

29 jan 2014 - 14:00

Der komt gjin ferlinging fan it kontrakt fan Marco van Basten by Sportklup Hearrenfean. Dat hat de klup woansdei bekend makke. De ôfrûne tiid hawwe der petearen west tusken de kluplieding fan SC Hearrenfean en Van Basten oer ferlinging fan it kontrakt. De trainer hat úteinlik oanjûn net it goeie gefoel te hawwen en oan de ein fan it seizoen fuort te gean. It bestjoer fynt syn beslút spitich, sa lit it yn de ferklearring witte.

It nijs kaam as in ferrassing foar technysk direkteur Hans Vonk en ek spilers reagearren ferrast op it opstappen.

Vonk krige it nijs woansdeitemoarn te hearren fia de saakwaarnimmer fan Van Basten. Sûnt desimber waard der al sprutsen oer kontraktferlinging. Dat is úteinlik net slagge. Vonk woe net ynhâldlik yngean op de reden fan it opstappen fan Van Basten.

Ek by de spilers kaam it nijs as in ferrassing. Pele van Anholt en Luciano Slagveer hienen de yndruk dat de trainer bliuwe soe. Dat wie har meidield by de nijjiersresepsje. Beide spilers ha lykwols gjin foarkar foar in potensjele nije trainer.

De 49-jierrige trainer is dwaande mei syn twadde seizoen by SC Hearrenfean. Yn syn earste jier einige hy mei syn ploech op it achtste plak. Op it stuit stiet it Fryske team fiifde yn 'e kompetysje. Van Basten begûn syn trainersloopbaan as assistint by Jong Ajax. Nei Oranje en Ajax waard er yn 2012 trainer by de Fryske klup.

Besjoch hjir it parseberjocht fan SC Hearrenfean

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)