Knegt: 'Goede kâns op medalje'

29 jan 2014 - 13:52

Shorttracker Sjinkie Knegt skat syn kânsen op in medalje by de Olympyske Spelen yn Sotsji as tige realistysk. De shorttracker út Bantegea heart mei Daan Breeuwsma en Rianne de Vries by de Fryske delegaasje foar de shorttrackploech. Neffens him binne de kânsen op in medalje it grutste op it ûnderdiel ôflossing, dêr't er mei Breeuwsma, Freek van der Wart en Niels Kerstholt oan de start stiet.

Ek syn eigen kânsen op in yndividuele medalje skat Knegt heech yn. Hy komt op alle fjouwer de ôfstânnen yn aksje. Syn favorite ôfstân is de 1500 meter.

Knegt reizget snein nei Sotsji en hie woansdei syn lêste dei foar de parse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)