Fergees sliepplak by Zienn

Dakleaze-opfang Zienn past syn tsjinstferliening oan oan de winterske temperatueren. Fan woansdeitejûn ôf kinne dakleazen fergees gebrûk meitsje fan de opfang. Sa nedich komme der ekstra bêden beskikber. De regeling jildt yn elts gefal de kommende twa nachten.
De ôfrûne dagen ha meiwurkers fan Zienn by plakken lâns west dêr't in soad dakleazen komme. Se hawwe har doe wiisd op de opfangmooglikheden.