Fjouwertal fêst foar ynbraken

29 jan 2014 - 10:53

De plysje hat mei de oanhâlding fan fjouwer jonges in grut tal wenningynbraken yn Easterwâlde en Appelskea oplost. Twa ynbrekkers fan 13 jier komme út Easterwâlde, de tredde 13-jierrige fertochte komt út de gemeente Smellingerlân en de fjirde ynbrekker fan 15 jier wennet yn Appelskea.

It fjouwertal waard ferline wike oanholden nei buertûndersyk en tips fan tsjûgen. By it ferhear joegen de jonge ynbrekkers ta dat se mei-inoar 23 kear ynbrutsen ha. Se kamen binnen troch in rút yn te slaan en namen benammen jild en tablets mei.

De trije 13-jierrige jonges binne ûnder behanneling fan Jeugdsoarch. De ynbrekker fan 15 jier sit noch fêst. Yn de moanne desimber krigen de doarpen Appelskea en Easterwâlde te meitsjen mei in grut tal ynbraken. De plysje slút mear oanhâldings dan ek net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)