Studint krijt priis Coca-Cola

29 jan 2014 - 06:23
NHL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Treddejiersstudint Andries Broersma fan de NHL yn Ljouwert hat in priis krigen fan Coca-Cola. Broersma betocht in nije yndieling foar it magazyn, doe't er staazje rûn by it bedriuw. Dat wie sa entûsjast oer it plan dat it de nije yndieling brûke sil. Boppedat krijt Andries Broersma de Coca-Cola Icon Award.

It is foar it earst dat in stazjêre dy priis krijt.

Trefwurden: 
NHL priis studint Coca-Cola
(advertinsje)
(advertinsje)