Gjin plak jongerein Boalsert

28 jan 2014 - 21:49

Der is gjin plak mear foar de jongerein fan Boalsert yn it âlde stedhûs. Sa as it no liket komme der in biblioteek, trije museums, in loungeromte en in gemeenteloket yn it stedhûs dat foar in lytse 4 miljoen euro ferboud wurde moat. Foar de Stichting Jongerenwerk Bolsward moat in oar plak socht wurde.

Mooglike plakken binne in âld kantine fan in fuotbalklup of in âld skoalle oan de râne fan de stêd. Tiisdei waarden de plannen presintearre oan it publyk. Dy foelen net goed by de jongerein dy't yn it sintrum bliuwe wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)