Mei Bitcoins betelje yn Burgum

GeldXpert NO Fryslân yn Burgum is it earste bemiddelingsbedriuw yn Nederlân dêr't klanten mei Bitcoins betelje kinne as se in hypoteek of fersekering ôfslute. Alteast dat docht bliken út eigen ûndersyk. In Bitcoin is kompjûterjild dêr't wrâldwiid mei betelle wurde kin. De wearde wurdt bepaald troch de hannel, krekt as by oandielen it gefal is.
Hein Kooistra fan GeldXpert ferwachtet dat mear klanten no betelje mei kompjûterjild, no't it mooglik is. Neffens him is it de takomst.
De Nederlandse Bank folget de ûntwikkeling fan Bitcoins mei belangstelling, mar hâldt hjir gjin tafersjoch op.