Jongereinûndersyk Waadeilannen

28 jan 2014 - 19:04

De wenningmerk, wurkgelegenheid en de boatferbining. Dat binne neffens de jongerein de grutste knyppunten op de Waadeilannen. It jongfolk hat dielnommen oan in leefberensûndersyk om't de provinsje, it Wetterskip en de gemeentebestjoeren de kommende tiid plannen meitsje wolle foar de takomst fan de Waadeilannen.

Jongeren wolle wol graach wenje op de eilannen, mar sjogge der no net genôch mooglikheden foar. De útkomsten fan it ûndersyk binne tiisdei oan deputearre Tineke Schokker presintearre.

Trefwurden: 
wenje Waadeilannen jongerein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)