Dokkum:moarns fergees parkeare

Dokkum © Google Street View
Besikers fan Dokkum kinne noch oant 1 july gebrûk meitsje fan it fergees parkearen. De gemeente is ferline jier útein set mei in proef en dizze wurdt no ferlingd. Yn febrewaris wurdt de test evaluearre. De earste resultaten binne neffens wethâlder Pytsje de Graaf posityf. Tusken 8 en 11 oere moarns kin oan de râne fan de stêd en yn it sintrum fergees parkeard wurde.
De gemeente wol foar de ferkiezings noch gjin definityf beslút nimme en dêrom wurdt de testperioade earst ferlingd.